Gemeente stipet sûn iten

© Omrop Fryslân
Heal april begjint Tytsjerksteradiel mei in proef om minsken mei in leech ynkommen oan sûn iten te helpen. It giet om in inisjatyf fanút it gemeentlik earmoede- en sûnensbelied.
Ut ûndersyk docht bliken dat minsken mei in leech ynkommen in soad goedkeape produkten keapje en troch de kredytkrisis ferwachtet de gemeente dat dat oantal noch mear tanimme sil. Derôm wurdt in kursus organisearre om tips te jaan om mei in lyts budzjet dochs goeie keuzes te meitsjen.