18 boetes by ferkearskontrôle

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat moandeitemiddei by in ferkearskontrôle op de Kanaalwei yn totaal achttjin boetes útdield. Fiif automobilisten hiene gjin riem om, twa bromfytsers rieden sûnder helm en ien hie gjin bromfytsrydbewiis.
Fierder krige in automobilist in boete om´t er yn de auto siet te beljen. De oare boetes wiene foar oertreding fan de maksimale snelheid fan 50 kilometer.