Nije foarsitter Friesland Bank

31 mrt 2009 - 09:17

De 49-jierrige Robbert_Klaasman is beneamd ta foarsitter fan de Ried fan Bestjoer fan de Friesland Bank. Hy is de opfolger fan Willem_Cramer dy´t him healwei maart weromluts as foarsitter.

Klaasman is al yn tsjinst by de Friesland Bank sûnt 1 jannewaris dit jier. Hy is berne yn Rotterdam en wie foar syn beneaming by de Friesland Bank wurksum by Fortis, ûnder oaren as algemien direkteur Public Banking Nederlân. Dêrfoar wurke Klaasman lange tiid by de ING bank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)