SP tsjin ferkeap oandielen

30 mrt 2009 - 22:15

De steatefraksje fan de SP is tsjin de ferkeap van Nuon-oandielen oan it Sweedske enerzjybedriuw Vattenfall. Neffens fraksjefoarsitter Ad van de Kolk soe it bedriuw, dat ek yn Dútslân aktyf is, in grutte miljeufersmoarger wêze en har net oan de regels hâlde.

De SP hat derom fragen steld en wol dat de provinsje opnij sjocht nei de ferkeap fan de oandielen oan Vattenfall. Dy ferkeap soe Fryslân yn seis jier tiid 1,3 miljard euro opsmite.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)