Fryske elektromotor yn Proton

30 mrt 2009 - 20:34

Autofabrikant Proton út Maleizië sil elektryske auto's produseare mei dêryn de Friend-EV, in elektromotor dy't ûntwikkele is troch it Fryske bedriuw Friend-EV út Damwâld. Betinkers Frits van Breemen en Fokko Rekker hawwe sa'n twa en in heal jier wurke oan de ûntwikkeling fan de elektromotor en no in autofabrikant yn Azië fûn.

Proton wol 40.000 auto's produseare mei de Friend-motor. Begjin takom jier sille de earste elektronyske auto's mei in Fryske motor op de merk komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)