Qbuzzsjauffeurs wolle kamera's

Sjauffeurs Qbuzz wolle kamera's
Sjauffeurs fan Qbuzz wolle dat der gau kamera's ophongen wurde yn 'e bussen. De sjauffeurs fiele har ûnfeilich. Dat komt foaral troch it grutte tal fernielings yn de bussen.
Qbuzz rydt no goed trije moanne yn Fryslân. Yn dy tiid is der foar in heale ton oan skea oanrjochte. Sa moasten in stik of tweintich stuollen fernijd wurde. Yn oare dielen fan it lân waarden sjauffeurs yninoar slein. Dat is hjir net it gefal, mar de sjauffeurs fiele harren wol ûnfeilich.