Dave Huymans nei Cambuur
SC Cambuur hat Dave Huymans oanlutsen. De 23-jierrige middenfjilder spilet op dit stuit foar FC Zwolle. Huymans hat by de Ljouwerters in kontakt foar trije jier tekene. Earder kaam er twa seizoenen út foar Haarlem. Foar dizze klup deburearre hy yn it betelle fuotbal op 11 augustus 2006.
Nei Robert van Boxel, Rence van der Wal en Oguzhan Türk is Huymans de fjirde nije spiler foar Cambuur. De Ljouwerters sykje yn alle gefallen noch in nije keeper.