Bou strânpaviljoen kin starte

30 mrt 2009 - 14:56

De bou fan in strânpaviljoen op 'e Lemmer kin yn april út ein sette. De rjochtbank hat de beswieren ôfwiisd. In kollega-ûndernimmer dy't earder sels in paviljoen begjinne woe, wie nei de rjochter stapt, mar dy fynt him gjin belanghawwende.

Bedriuwen yn 'e omkriten fan it strân hiene ek problemen mei it paviljoen. De gemeente Lemsterlân hat tasein dat der mear parkearplakken komme en dat der wat dien wurdt oan 'e feiligens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)