'Heien Omrinoven net skealik'

30 mrt 2009 - 10:19

It heiwurk foar de ôffalsintrale yn Harns mei trochgean. Dat hat de rjochtbank fan Ljouwert moandeitemoarn útsprutsen. De stichting Afvaloven Nee en de Waadferiening hiene yn in koart pleit frege om in boustop.

It yn 'e grûn slaan fan peallen soe min wêze foar de beskerme fisk de fint. Dat is in hjerringachtige soart dy't gefoelich is foar lege lûden. De rjochter jout de tsjinstanners fan 'e oven gjin gelyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)