Leechsteande skoalle útbaarnd

30 mrt 2009 - 09:42

In leechsteand skoalgebou yn de Ljouwerter wyk Lekkumerein is sneintejûn útbaarnd. It giet om it âlde gebou fan de Prins Constatijnskoalle, dy't ferhuze is nei in nij ûnderkommen. It skoalgebou wurdt op it stuit sloopt.

Troch noch ûnbekende oarsaak bruts even nei sân oere brân út. De flammen sloegen ta de ruten út. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)