Duel SKS-IFKS by Langwar

Sân skûtsjes fan de SKS en sân skûtsjes fan de IFKS sile ynkoarten in nije skûtsjewedstriid op de Langwarder Wielen. De wedstriid is opset troch kafee It Wapen fan Langwar, dat dêrmei in âlde tradysje yn eare herstelle wol.
Yn it ferline namen kafee's gauris it inisjatyf ta in silerij. Neffens útbater Jetze Heeres fan It Wapen is de SKS-IFKS-striid ûntstien as kroechgrap. Op 18 en 19 april sile de skûtsjes fjouwer wedstriden.