Oxford wint boatrace

Sjoerd Hamburger by de Theems
Roeier Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap hat snein mei syn universiteitsploech fan Oxford de jierlikse boatrace wûn. Oxford wûn de race op de Theems yn Londen mei oermacht fan Cambridge. It wie foar it earst yn de 155-jierrige histoarje fan de race dat der in Fries meidie. It wie foar de twadde kear dat in Nederlanner meidie oan de race. Gerritjan Eggenkamp fan Leiden wie yn 2002 de earste Nederlanner.