Mishanneling yn Ljouwert

29 mrt 2009 - 16:08

Twa ynwenners fan Ljouwert (20 en 50 jier) binne sneintemoarn betiid oanholden op it Ruterskertier yn har wenplak op fertinking fan mishanneling. Surveillearjende plysjes seagen dat de 20-jierrige syn stedsgenoat sloech en skopte. De man waard dêrop oanholden.

Nei ûndersyk die bliken dat de 50-jierrige begûn wie mei de rúzje. Ek hy hie in pear klappen útdield. Dêrom waard hy ek oanholden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)