Man mei harddrugs oanholden

29 mrt 2009 - 16:07

De plysje hat sneintemoarn betiid yn in hoarekagelegenheid oan it Hemmemaplein yn Berltsum in 22-jierrige ynwenner fan Drylts oanholden op fertinking fan it besit fan harddrugs.

De man hie fjouwer wikkels by him, mei dêryn nei alle gedachten speed, in pûdsje mei weed en ien xtc-pil. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo en dêr ynsletten. De drugs binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)