Jonge springt op auto

29 mrt 2009 - 16:02
Foto: Omrop Fryslân

In 17-jierrige Damwâldster is yn de nacht fan sneon op snein yn Dokkum op de die oanholden. In plysje seach dat de jonge op in plysje-auto klom en op it dak begûn te springen.

De 17-jierrige besocht noch út te naaien foar de plysje, mar nei in koarte efterfolging koe er oanholden wurde. De fertochte is oerbrocht nei it buro en ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)