Mishanneling op It Hearrenfean

29 mrt 2009 - 15:59

In ynwenner (20) fan It Hearrenfean is sneontejûn oanholden troch de plysje op fertinking fan mishanneling. De man wie earder dy dei nei it wyksintrum oan de Weegbree gongen. Dêr wie rúzje ûntstien en de 20-jierrige hie dêrby in tal minsken bedrige.

Ek hie er in leeftydsgenoat slein. It slachtoffer rekke dêrby ferwûne oan it gesicht. Nei in syktocht koe de fertochte oanholden wurde yn de Tureluurstrjitte. Hy waard oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)