Graffityspuiters oanholden

29 mrt 2009 - 15:58

Trije Dokkumers (14, 15 en 23 jier) binne sneontejûn yn har wenplak oanholden op fertinking fan iepenlike geweldpleging. In tsjûge hie sjoen dat fiif jongeren mei graffity oan it spuitsjen wiene yn de Stroobossersteech. De tsjûge warskôge de plysje en gong dêrnei achter de fiif oan. Hy wist trije te achterheljen en oer te dragen oan de plysje. Nei ûndersyk yn de omjouwing die bliken dat der ferskate 'tags' oanbrocht wiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)