Man wol dokterswacht net út

29 mrt 2009 - 15:56

In 36-jierrige ynwenner fan Drachten is sneon oanholden yn de praktyk fan de dokterswacht oan it Compagnonsplein yn syn wenplak. De meiwurkers fan de dokterswacht hiene de plysje belle om't de man de praktyk net ferlitte woe. De man woe in bepaald soarte medisinen ha.

In plysje frege de man om it gebou te ferlitten. De Drachtster naam doe in gefjochtshâlding oan. By syn oanhâlding besocht de fertochte noch in plysje te slaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)