Ynbraak yn Jellum

29 mrt 2009 - 15:55

De plysje ûndersiket in ynbraak oan de Hegedyk yn Jellum. Yn de nacht fan freed op sneon kamen de ynbrekkers binnen nei it forsearjen fan in rút. It hiele bedriuw waard trochsocht, wêrby't in kompjûter, in doaze mei koksmessen, in snijmasine, in kistke mei jild, drank en iten weinaam waarden.

De technyske resjerzje stelt in ûndersyk yn. De 38-jierrige eigner út Ljouwert hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)