Grêven yn de kompjûter

It begraafplak yn Ternaard
De grêve-administraasje yn Dongeradiel moat automatisearre wurde. Dat stiet yn in rapport dat makke is yn opdracht fan de gemeente. Dongeradiel is tsjin in tal knyppunten oanrûn op de begraafplakken. It binne der in soad, der binne grêven dêr't gjin rjochten mear op binne en in grut tal grêven is foar ûnbepaalde tiid útjûn. Dêrtroch is der te min romte en komt der te min jild binnen oan ûnderhâldsrjochten.
As alles goed fêstlein wurdt, kinne de problemen better oplost wurde.