Mid-Fryslân ferliest fan KVS

28 mrt 2009 - 20:14

De kuorballers fan Mid-Fryslân binne der sneontejûn net yn slagge om de krúsfinale tsjin KVS te winnen. Yn sporthal De Blinkerd fan Den Haach wie thúsploech KVS, de kampioen fan de haadklasse B, fierstente sterk.

Mid-Fryslân, de nûmer twa fan de haadklasse A, stie healwei al op grutte achterstân: 16-9. Yn de twadde helte koe de ploech út Reduzum en Grou it gat net lytser meitsje. Einstân 30-20. KVS út Skeveningen stiet no op de drompel fan de kuorballeague.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)