Undernimmerspriiskandidaten

© Omrop Fryslân
Fjirtjin bedriuwen meitsje kâns om de Undernimmerspriis fan Achtkarspelen te winnen. Dy priis wurdt tongersdei útrikt. Neffens de sjuery is it opfallend dat de nominearre bedriuwen in sterke bân ha mei de eigen omjouwing. Se hawwe ek allegear fertrouwen yn de takomst, nettsjinsteande de ekonomyske krisis.
Yn de sjuery sitte ûnder oare Twadde Keamerlid Atsma út Surhústerfean en wethâlder Van der Wal fan ekonomyske saken.