Utstalling quilts grut sukses
De tentoanstelling oer quilts is ien fan de bêst besochte útstallingen fan it Fries Museum wurden. Der kamen mear as 42 tûzen besikers op ôf, 7000 mear as dêr't op rekkene wie.
Yn tsien sealen yn it museum is alles te sjen oer de trochstikte tekkens dy't faak út allegear kleurige lapkes besteane. Snein binne de quilts foar it lêst te sjen.