Belangstelling foar Waadbanen

Fakatueres op de Waadeilannen
Foar in simmerbaan op de Waadeilannen is in soad belangstelling. Dat die sneon bliken by in spesjale banemerk yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean. Yn de earste oere fan de merk skreaune har al in 50 minsken yn.
It is alle jierren wer dreech om alle iepensteande fakatueres foar simmerbanen op de Waadeilannen fol te krijen. En ek dit jier binne der noch in soad fakatueres. Op de banemerk hongen sneon 68 fakatueres fan it buro Waddenjobs.