Dief bekent sân ynbraken

28 mrt 2009 - 12:36

De man dy't moandeitemoarn betrape waard doe't er ynbrekke soe yn in gebou fan in fuotbalklup yn Ljouwert, hat bekend dat er noch sân kear ynbrutsen hat. By it klupgebou oan it Kealledykje wie al sa faak ynbrutsen dat minsken fan de klup sels begûnen te surveillearjen. Se koene de man moandeteimoarn sels oanhâlde en oan de plysje oerdrage.

De fertochte hat alle ynbraken bekend. Hy sei ek dat er ôfrûne jier in laptop by in bedriuw yn Hallum meinaam hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)