Plysje siket fiskstreupers

© Omrop Fryslân
De plysje is op syk nei fiskstreupers dy't op dit stuit yn de Swette en de Krúsbrekken by Tersoal aktyf binne. Dy fiskje mei lange steande netten, wêrtroch't snoekbears fongen wurdt. Der komme ek einen en merkels yn de netten fêst te sitten, sadat dy fersûpe. Yn guon gefallen wurde de netten net of fierstente let ophelle, sadat de fisk dy't deryn sit deagiet en fuortrottet.
Minsken dy't wat witte, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.