Lintsje foar Boarnsterhimster

27 mrt 2009 - 21:45

Abe Kooiker fan de frijwillige brânwacht fan Boarnsterhim hat in lintsje krigen. Hy is lid wurden fan de Oarder van Oranje Nassau omdat hy 28 jier by de brânwacht sitten hat.

Hy krige it lintsje fan boargemaster Ton Baas. Kooiker gie mei pensjoen en naam freedtejûn ôfskied fan syn maten. Hy wie sjauffeur en pompbetsjinner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)