Arsjitekteburo Glas fallyt

© Omrop Fryslân
Arsjitekteburo Abel Eisma Glas út Ljouwert is fallyt. It bedriuw hat sels it fallisemint oanfrege foar syn 63-jierrige ûndernimming.
Der is noch gjin sprake fan in grutte skuld, mar wol fan te hege leankosten. It probleem is dat ynstellings en bedriuwen wachtsje mei ynfestearjen. Se stelle nijbou út.
It buro hopet op in trochstart. Dat is dan nei alle gedachten mei minder personiel.