Nije tsjinstregeling bussen

27 mrt 2009 - 20:07

Op snein 29 maart begjint ferfiersbedriuw Connexxion mei in nije tsjinstregeling foar de bussen yn Noard- en Súdwest-Fryslân. It bedriuw hat ferbetteringen trochfierd en de ritten binne ek oars ferdield oer de dei.

Op guon trajekten ride mear bussen yn de spits. Op minder drokke mominten sille ek minder bussen ride, benammen jûns let en op snein. Ek foar de Maxx stêdsbussen yn Ljouwert begjint op 29 maart in nije tsjinstregeling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)