Dalje oer brûken gemeentegrûn

27 mrt 2009 - 17:51
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Achtkarspelen kommunisearret noch altyd min oer de hoekjes gemeentegrûn dy't stikem yn gebrûk naam binne troch boargers. De gemeente besiket al hast fjouwer jier de grûn werom te krijen. Dêrfoar binne brieven stjoerd oan ynwenners, mar dy rekken oerstjoer om't se de grûn soms al jierren brûkten.

De opposysjepartijen binne min te sprekken oer de hannelwize fan B. en W. en hawwe dêr in moasje fan treurnis foar yntsjinne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)