FNV-leden yn noed oer pensjoen

27 mrt 2009 - 16:11

Foar in FNV-gearkomste yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean wie tongersdei in soad animo. Goed 600 FNV-leden kamen derop ôf, en dat wylst der 400 ferwachte wiene.

De leden sitte yn noed oer hoe't it mei harren pensjoen komt en hoelang't se trochwurkje moatte. Se hawwe te hearren krigen dat yn alle gefallen de earste fiif jier de útkearing fan de pensjoenen net ferlege wurde. It FNV wol de AOW-leeftyd net ferheegje fan 65 nei 67 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)