Hendikeptewenten yllegaal

27 mrt 2009 - 14:52

De gemeente Opsterlân wit noch net hoe't it fierder moat mei de eardere Rabobank yn Oerterp. De trije apparteminten foar hendikepten dêr binne yllegaal. De buorman fan 'e bank hie de saak foar de Rie fan Steat brocht, omdat er oerlêst hie. Hy wol no dat it bestimmingsplan oanpast wurdt, want dan kin er skeafergoeding freegje.

De gemeente wol earst mear advys hawwe en prate mei de stichting dy't de hendikepten begeliedt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)