Haadsponsor Flyers tekenet by

© Omrop Fryslân
Haadsponsor Hajé hat it kontrakt mei de Flyers (iishockey) mei ien jier ferlingd. Dat betsjut dat de Flyers ek takom seizoen op it heechste nivo útkomme kinne. Foarsitter Danny Micola hopet dat coach Chris_Eimers no ek langer op It Hearrenfean bliuwt. It oanbliuwen fan in grutte sponsor wie ien fan de easken fan Eimers.
Ek mei de spilers sil ynkoarten praat wurde. Paul Vincent en Jamie Visser ha al oanjûn dat se trochgean wolle by de Flyers.