Gatten yn fernijde Miedwei

© Omrop Fryslân
De Miedwei by Surhuzum is krekt fernijd, mar moat no alwer opknapt wurde. Troch flaters yn it wurk sitte der gatten yn 'e betondyk. De reparaasje fan 'e gatten wurdt healwei juny útfierd.
It wurk earder dwaan is net mooglik, neffens wethâlder Van der Veen fan Achtkarspelen. De reden is dat op dit momint wurke wurdt oan in oare ûntsluting, dy fan de Surhuzumer Mieden en de Rysloane. By de Miedwei binne no warskôgingsbuorden delset.