Aris ferliest fan Nijmegen

27 mrt 2009 - 08:59

Basketbalklub Aris Friesland hat wer skea oprûn foar it beheljen fan de play-offs. Yn Nijmegen koene de Ljouwerters lang bybliuwe, mar yn it lêste kwart makken de Matrixx Magixx dien wurk troch mei 86-80 te winnen.

Omdat de konkurrint Leiden wûn, is it gat mei de nûmer acht no seis punten. De earste acht dogge mei oan de play-offs. Der binne noch seis wedstriden te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)