Natuermuseum Dokkum ferhuzet

26 mrt 2009 - 21:50
Foto: Omrop Fryslân

It Natuermuseum yn Dokkum moat ferhúzje, want it gebou is fertutearze en net mear by de tiid. Opknappe is te djoer en dêr is gjin jild. Op 7 april wurdt de saak mei de leden besprutsen.

Der wurdt bygelyks tocht oan nijbou by de bernebuorkerij yn it Tolhuispark yn Dokkum en der wurdt ek al sprutsen mei de Sûkerei yn Damwâld. Der komme jierliks in pear tûzen besikers yn't museum, foar in grut part skoalbern.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)