3 wethâlders foar Boarnsterhim

26 mrt 2009 - 16:05

Waarnimmend boargemaster Baas fan Boarnsterhim hat trije nije wethâlders fûn. It giet om âld-wethâlder Hermien de Haan (PvdA) fan Ljouwert, Felix van Beek (VVD), earder fan Skarsterlân en ynfal-wethâlder yn Littenseradiel en âld-wethâlder Marjan Jager (PvdA) fan Eaststellingwerf. As de ried dermei akkoart giet, is it kolleezje fan Boarnsterhim wer folslein.

It âlde kolleezje stapte koartlyn op, omdat se de finansjele problemen fan Boarnsterhim net oplosse koene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)