Hearrenfean leit Pele fêst

26 mrt 2009 - 15:42

SC Hearrenfean hat de 17-jierrige Pele van Anholt fêstlein. De jonge middenfjilder kaam mei alve jier by Hearrenfean en spilet op it stuit by de A-junioaren. Dêrfoar spile by CAB út Boalsert.

Ek yn Jong Hearrenfean krige er al spyltiid. Hy hat in kontrakt foar trije jier tekene.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)