Brúnfisken skeind troch skroef

In oanspielde brúnfisk
De skeinde brúnfisken dy't begjin dit jier ûnder oare oanspielden op Flylân, binne skeind troch skroeven fan skippen. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Nederlânsk Forensysk Ynstitút yn gearwurking mei it KLPD.
Tocht waard dat de 1,5 meter lange brúnfisken as byfangst yn de netten fan fiskers kaam wiene en dêrnei yn stikken snien waarden. De KLPD sjocht mei dizze útkomst gjin reden om troch te setten mei it strafrjochtlik ûndersyk.