Reyntegraasjepriis Lindestede

26 mrt 2009 - 10:50

Ferpleech- en fersoargingshûs Lindestede yn Wolvegea hat de reyntegraasjepriis 2008 wûn. Dy priis wurdt alle jierren takend troch de gemeente Weststellingwerf. Hy is bedoeld foar in organisaasje of ynstelling dy't wurkleazen helpt by har syktocht nei in baan. Lindestede docht dat neffens de gemeente ek yn de tiid dat it minder goed giet op de arbeidsmerk.

De priis dy't it ferpleechhûs wûn hat, bestiet út in keunstwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)