Drugsfertochten oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat nochris twa fertochten oanholden yn ferbân mei in ûndersyk nei it brûken fan en de hannel yn harddrugs yn Kollumersweach en omkriten. Moandei waard al in man fan 22 jier út Kollum oppakt. Hy wurdt fertocht fan de hannel yn speed, ketamine en ghb.
In dei letter hold de plysje twa ynwenners fan Kollumersweach oan. It ûndersyk giet noch troch. De plysje ferwachtet noch mear oanhâldings.