Eigen bier foar Skylge

25 mrt 2009 - 22:08

Skylge krijt in eigen bierbrouwerij. De organisaasje Brouwtechnyk wol noch dit jier in brouwerij bouwe op it eilân. Foar it meitsjen fan bier wurdt koarn fan Skylge brûkt. Brouwtechnyk wol triple en dûbel bier brouwe.

Steatsboskbehear is entûsjast oer it plan en wol koarnikkers oanlizze op Skylge. De earste pear jier wurdt it Skylger bier allinnich op it eilân ferkocht, dêrnei mooglik ek op de fêste wâl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)