Peijnenburg wreidet út

25 mrt 2009 - 15:37

It koekefabryk fan Peijnenburg yn Sint Jânsgea wurdt flink útwreide. De fraach nei lytse reepkoeken en de saneamde Snelle Jelle is sa bot tanommen, dat de produksje útwreide wurde moat.

Op it stuit wurdt 60.000 kilo koeke makke yn Sint Jânsgea, de bedoeling is dat dat de helte mear wurdt. De kapasiteitsútwreiding levert ek ekstra wurkgelegenheid op. Hoefolle wol Peijnenburg net sizze. De útwreiding moat ein dit jier syn beslach krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)