Buro de Vries giet analooch

25 mrt 2009 - 15:23

It radioprogram Buro_de_Vries makket de útstjoering fan snein folslein sûnder help fan digitale middelen. It kompjûterfrije program wurdt makke mei âlde bânrekorders en op âlderwetske wize monteard en de muzyk komt fan platen. Ek de redaksje wurket op analoge wize, dus mei typemasines en telefoans mei in draaiskiif.

Yn it program is omtinken foar de ynfloed fan digitale apparaten. Wat soe der barre as alle kompjûters útfalle?

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)