Startsein sloop provinsjehûs

Startsein foar sloop fan it âlde provinsjehûs
Yn Ljouwert wurdt takom wike tiisdei it offisjele startsein jûn foar de sloop fan it âlde provinsjehûs oan de Twibaksmerk. De tariedingen binne de lêste wiken al folop oan de gong. It offisjele sein wurdt jûn troch deputearre Schokker.
It doel is dat de âlde stikken fan it provinsjehûs oan de ein fan maaie allegear fuort binne. Allinnich de monumintale stikken bliuwe stean. Ein 2011 moat it nije gebou klear wêze. Dat kostet hast 80 miljoen euro.