Oefening mei brânend ierdgas

de brânwacht oefene yn it bestriden fan brânend ierdgas
By de gaswinput fan Vermillion op De Tike is woansdei in oefening mei brânend ierdgas hâlden. Foar it earst wie by de Nederlandse Aardolie Maatschappij derby belutsen. De NAM hat it materieel om brânend gas, dat alle kanten út fljocht, ûnder kontrôle te krijen. De oefening duorre twa oeren.
Ut earste reaksjes docht bliken dat it measte goed gie. It wie dreech om wetter út de mar De Leijen te pompen. Ek de logistyk oer smelle diken foel ôf.