Jild foar sintrum Woudagemaal

Provinsje betellet mei oan bou fan besikerssintrum by Woudagemaal
De bou fan in nij besikerssintrum by it Woudagemaal op 'e Lemmer is wer in stap tichterby. It provinsjebestjoer hat besluten dat se meibetelje wolle. Wetterskip Fryslân en de gemeente Lemsterlân binne de oare jildsjitters.
De ferwachting is dat it nije besikerssintrum 25.000 besikers lûke kin. Yn it besikerssintrum komt in permaninte eksposyjeromte, in filmseal en in winkel mei hoareka. De bou fan in sintrum kostet trije miljoen euro.