Ferskowingen by amateurs

Oane Hornstra giet nei ONS Snits (foto: Martin de Jong)
Sneinshaadklasser De Jouwer ferliest kommend seizoen spits Oane_Hornstra en ferdigener Tim_Berger oan ONS Snits. De Snitser sneonshaadklasser helle earder ek al Kerst_Hofman fan de Harkemase Boys.
Ek waard bekend dat Tom_Haarman fan ONS nei dit seizoen ophâldt. De klup is dwaande Haarman te behâlden foar de feriening en siket in oare funksje foar him.