Ried Skier achter Korendijk

25 mrt 2009 - 09:53

Wethâlder Korendijk fan Skiermûntseach hat tiisdei de stipe fan de folsleine gemeenteried krigen. Earder sei syn eigen fraksje Ons_Belang it betrouwen yn de wethâlder op. De fraksje wie it te faak net iens mei Korendijk.

De ferwachting wie dat it konflikt yn de riedsfergadering ta in klimaks komme soe. In moasje fan wantrouwen kaam der net. Ons Belang ûntduts yn it foar al dat de twa oare partijen yn de gemeenteried de wethâlder wol stipen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)