Gemeente kiest trasee N381

Provinsjale Steaten beslute yn juny oer it definitive trasee fan de N381
De nije N381 moat oan de eastlike kant fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart lâns rinne. Dat advys jout de gemeente Eaststellingwerf oan de provinsje. Dizze fariant tusken Donkerbroek en Easterwâlde-Súd docht neffens de gemeente it measte rjocht oan de belangen yn it gebiet. Ek moat de dyk fjouwerbaans oanlein wurde.
De provinsje hat noch gjin definityf beslút naam oer it trasee fan de N381. Dat bart ein juny yn de Provinsjale Steaten.